Blog: Desepsje foar Oranje, mar in prachterfaring

Desepsje foar Oranje, mar in prachterfaring
De treastfinale. Dat is eins noch it slimst fan alles. Allinnich it wurd al: treastfinale. Wat no treast? Wat no finale? It is fan beide neat. Nederlân hat yn de heale finale nei strafskoppen ferlern fan Argentinië. En dus moat der sneon noch fuotballe wurde tsjin Brazilië om it tredde en fjirde plak. No ja, om neat dus.
Ik ha te dwaan mei Ron Vlaar. Wat spile hy in geweldige wedstriid. Oeral siet hy tusken en hy hat in protte kânsen foar Argentinië foarkomme kind. Dat krekt hy fuortendaliks de earste pengel misse moast. It goeie gefoel sakke fuort en neidat ek Sneijder miste, wie it dúdlik. De heale finale is it einstasjon. It is net oars.
Hoe spitich oft de ôfrin ek wie, ik ha genoaten fan de sfear yn it stadion yn Sao Paulo. Benammen makke troch de tûzenen Argentinen yn it stadion. Se wiene dik yn de mearderheid en dat wie te hearen ek! 'Maradona is grutter as Pelé' en 'Messi bring ús opnij de titel' en mear fan dat soart teksten. De hiele dei troch waard der manmachtich songen. Fier foar, ûnder en oeren nei de wedstriid, se giene mar troch.
It makket dat ik toch in moai jierdeiskado hân ha, nettsjinsteande it ferlies. It wie in hiele ûndernimming dy't hast noch mislearre. Doe't we by it stadion kamen, mochten we der nammentlik net yn. Der wie wat mis mei de akkreditaasje en dus moasten we bûtendoar wachtsje. Op dat stuit kaam wol krekt Roberto Carlos foarby, Braziliaan en wrâldkampioen. De man fan de moaiste frije traap ea (sykje mar op YouTube, Brazilië-Frankryk, Roberto Carlos). Dêr koe ik moai noch even mei op de foto! Uteinlik waard it probleem oplost en ha we de wedstriid sjoen. Net heechsteand, net histoarysk, gjin súkses. Mar wol in prachterfaring.
Al mei al kin Oranje weromsjen op in goed toernoai. Wat der sneon ek bart. Want de heale finale, dêr hie nimmen op rekkene. Louis van Gaal hat syn ploech nei de mooglikheden spylje litten. Mar earlik is earlik, as je tsjin Kosta Rika én Argentinië net skoare yn 120 minuten, dan hâldt it gewoan op. Net mear en net minder!
Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden