AVEK makket bêden foar COA

Bêdefabryk AVEK yn Surhústerfean hat in mega-oarder krige. Se meitsje steapelbêden foar asylsikers. It Sintraal Orgaan opfang Asylsikers hat in opdracht pleatst foar 25.000 bêden. Ien tredde dêrfan wurdt makke yn Surhústerfean en de oare twa tredde by de AVEK-festiging yn Sina.
De oarder fan oardel miljoen euro smyt in soad ekstra wurkgelegenheid op. Ein dit jier moatte alle bêden levere wêze.