Ferrassingsreizen Surprise Me

In ûndernimmer út Aldemardum hat in nij soart ferrassingsreizen betocht. Dêrfoar hat Raymond Klompsma de site www.srprs.nl opset. Dat stiet foar 'surprise me'. Minsken kinne by de boeking in pear dingen oanjaan dy't se perfoast wolle op fakânsje. Dêrnei moatte se harren ferrasse litte.
Se komme der op Skiphol pas achter wêr't de reis hinnegiet. De site lûkt hieltyd mear belangstellenden.