Relywinners bekend makke

10 jul 2014 - 14:56

De sjuery fan de Fryske anonime skriuwwedstriid foar de Rely Jorritsmapriis hat de winners fan 2014 bekend makke. It winnende fers is 'Wat opdage' fan Marije Roorda. De winnende ferhalen binne 'Flinteraikes' fan Lida Dykstra, 'Oer wurd en dea' fan Simen de Jong, 'Animaasjeknyn' fan Geert Nauta en 'Nea besite' fan Forina van der Zee. In 'blyk fan wurdearring' wurdt takend oan 'Yn 'e wyn op' fan Rixt Weiland.

De prizen wurdt op sneon 20 septimber útrikt yn de tsjerke fan Bears, tagelyk mei de Junior Rely foar jongerein.

Aurelius ('Rely') Jorritsma wie in Frysk skriuwer út Jellum dy't fêststelde dat jild út syn neilittenskip brûkt wurde moast foar de Fryske skriuwerij.

De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis bestiet dit jier út Edwin de Groot, Marga Claus en Ulke Brolsma. In Rely Jorritsma Fûns-priis foar in ferhaal bestiet út in jildbedrach fan 800 euro. De priis foar in fers is goed foar in jildbedrach fan 200 euro. In 'blyk fan wurdearring' wurdt beleanne mei in jildbedrach fan 100 euro.

Trefwurden: 
Rely Jorritsmapriis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)