Cambuurynteresse yn Ajaxspits

10 jul 2014 - 14:25

Cambuur hat kontakt hân mei Ajaxspiler Dejan Meleg. Neffens technysk manager Marcel Keizer fan Cambuur hat de klup in petear mei him hân, mar is der noch neat wis: "Het kan net zo goed zijn, dat hij voor een andere club kiest, maar we zijn wel op zoek naar een dergelijke aanvallende versterking."

Neffens Keizer is Cambuur njonken in oanfallend ynstelde spiler ek noch op syk nei in linker sintrale ferdigener. Ferline wike ferkocht Cambuur ferdigener Martijn van der Laan oan FC Grins.

Meleg kaam yn maart 2013 nei Ajax. De 19-jierrige Serviër kaam oer fan FK Vojvodina. Hy spile yn de earste divyzje benammen foar Jong Ajax en waard foar dat team kluptopskoarder mei 12 goals út 27 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)