Drugsfarders noch yn hechtenis

10 jul 2014 - 13:30

De twa manlju dy't oppakt binne foar it ferfier fan drugs op it Waad sitte noch hieltyd fêst. De manlju kamen op 19 juny mei de boat oan 'e grûn te sitten by Skiersmûntseach by leech wetter. Se binne troch de rêdingsboat oan wâl brocht.

By in ûndersyk hat de plysje in grutte partij drugs oan board fûn. De plysje ûndersiket noch hieltyd de herkomst fan de drugs en de achtergrûn fan de fertochten.

Trefwurden: 
drugs Skiermûntseach Waad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)