Krityk op gifspuitsje yn SWF

10 jul 2014 - 12:17

De gemeente Súdwest-Fryslân brûkt noch altyd gemyske middels foar it bestriden fan ûnkrûd, ta grutte argewaasje fan guon ynwenners. Janet Rozenberg fan Snits is dêrom begûn mei in Facebookaksje tsjin it brûken fan it middel Round-up. Neffens frou Rozenberg is soks skealik foar it miljeu en binne der genôch alternativen, lykas hyt wetter en boarstelje.

Wethâlder Stoker seit dat Súdwest-Fryslân takom jier foar it lêst Round-up brûke sil. Yn dielen fan de gemeente wurdt al proefdraaid mei miljeufreonliker bestridingsmetoades.

Frou Rozenberg fertrout it net hielendal. Sy giet dêrom troch mei har aksjes oant de gemeente echt ophâlden is mei it brûken fan fergif. Stoker soe graach sjen dat yn de takomst ynwenners fan Súdwest-Fryslân mear harren eigen stoepe skjinhâlde. Miljeufreonlik wurkje kostet manoeren en dy binne der net, no't de gemeente besunigje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)