Botsing Belgyske fytsster

10 jul 2014 - 10:51
Skylge - Foto: Omrop Fryslân

In frou út it Belgyske Laarne is woansdei op Skylge ferwûne rekke doe't se op de Badwei mei de fyts op in tsjinlizzer botste. De frou kaam ûngelokkich te fallen. Se rekke slim ferwûne oan it each.

It slachtoffer is mei de rêdingboat nei de fêste wal brocht. Dêr is se nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Skylge botsing fytster
(advertinsje)
(advertinsje)