Droege WK-feesten yn Fryslân

09 jul 2014 - 19:33

Fryslân makket him op foar de heale finale fan it WK woansdeitejûn tusken Nederlân en Argentinië. It KNMI hat waaralarm 'koade oranje' ofjûn foar Grinslân en Drinte. Yn Fryslân liket it ta te fallen en dêr binne de Fryske organisators fan de grutte WK-feesten wiis mei.

Bobby Veenstra fan it feest op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert seit dat der gjin ekstra maatregels yn Ljouwert naam binne. 'Wy hawwe konstant kontakt hân mei de meteorologyske tsjinst fan de fleanbasis Ljouwert en dy seit dat it droech bliuwt. Gjin reden ta panyk dus.'

Yn it Park Heremastate op De Jouwer is de heale finale ek op in grut skerm te folgjen. De organisaasje hopet op 1200 besikers. Organisator Jelle Stoker fertelt dat er spesjaal foar it feest in grutte tinte mei ôfdak opset is. 'It liket droech te bliuwen, mar mocht der dochs wetter falle, dan kinne de minsken droech stean. Wy hawwe fan 'e jûn noch oerlis mei gemeente, plysje en brânwacht, mar ferwachtsje gjin grutte problemen.'

Op de Kaden yn Drachten binne se ek klear foar de heale finale. Margriet de Leur fan restaurant Binnen hat der nocht oan. 'It minne waar is benammen yn Drinte en Grinslân, dat wy komme der yn Fryslân goed fan ôf. Mocht it jûn dochs oars komme, dan kinne alle minsken sa de ferskate hoareka-gelegenheden ynrinne.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)