Friezen ride faker troch

09 jul 2014 - 15:29

Tolve op de hûndert Fryske automobilisten ride troch as se skea op de dyk feroarsake hawwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan Overstappen.nl ûnder tûzen autobestjoerders. Yn de rest fan Nederlân, útsein yn Flevolân, leit dat tal mei njoggen op de hûndert in stik leger. Tsien op de hûndert litte allinnich kontaktgegevens achter as der sprake is fan grutte skea.

Opfallend is ek dat tweintich op de hûndert Fryske automobilisten fynt dat 65-plussers mear preemje betelje moatte foar de autofersekering om't se faker skea feroarsaakje as jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)