'Brân Kollum net oanstutsen'

09 jul 2014 - 15:21

De brân fan tiisdeitemiddei yn in bedriuwsloads oan de Sjoerdawei yn Kollum is net oanstutsen. Dat seit in wurdfierder fan de plysje Noard-Nederlân. Der binne gjin spoaren fan brânstifting fûn.

De plysje giet derfan út dat der koartsluting yn de meterkast west hat, om't de brân dêr begûn is. It is noch net bekend wat de finansjele skea is.

Trefwurden: 
brân Kollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)