Fryske Muzykwike yn Tirol

In fjirtichtal Friezen is fan 'e wike op in spesjale fakânsje yn Westendorf yn Eastenryk. Se binne der net allinnich, mar mei in tal Fryske artysten. Mei de fjouwer trûbadoers en de sjongeressen Anneke Douma en Griet Wiersma lûkt it selskip de bergen yn foar in Fryske Muzykwike.
Omrop Fryslân folget it selskip.
Yn de wike fan 1 oant 5 septimber binne de avontoeren fan de Fryske muzikanten yn Tirol te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.