Dútsers: 'Unglaublich'

09 jul 2014 - 12:29

De earste heale finale tusken Brazilië en Dútslân soarge tiisdeitejûn foar it nedige spektakel. Thúslân Brazilië waard oan alle kanten foarbyrûn en de wedstriid einige yn in 7-1 oerwinning foar de Dútsers. Yn Fryslân waard de wedstriid ek folge troch Dútsers dy't hjir binne.

Jûn wurdt dúdlik wa't snein yn de finale tsjin de Dútsers útkomt. Dan spilet Nederlân tsjin Argentinië. Dy wedstriid is yn it sintrum fan Ljouwert te sjen op in grut skerm by de Aldehou. De tariedings dêrfoar binne yn folle gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)