Ron Janzen nij by Cambuur
SC Cambuur hat der in nije spiler by. De 20-jierrige Ron Janzen komt foar ien seizoen op hierbasis nei Ljouwert ta. De ferdigener komt út de jeugdoplieding fan FC Grins. Hy is sintraal, likegoed as op de backposysje ynsetber.
Cambuur hat efteryn fersterkings nedich no't Ramon Leeuwin nei FC Utrecht en Martijn van der Laan nei FC Grins gien binne.