Papieren treinkaartsje ôfskaft

Reizgers kinne fan hjoed ôf net mear op in papieren kaartsje mei de trein. De NS hat de tickets ferfongen troch de OV-chipkaart. Dy jildt ek foar de trajekten fan ferfierder Arriva nei Grins, Starum en Harns. Der kin noch wol in deikaart kocht wurde, mar ek dy hat in chip.
De NS set personiel yn dy't minsken op it stasjon helpe by de oanskaf fan in OV-chipkaart. Se lizze ek út hoe't en wannear't yn- en útcheckt wurde moat. Neffens de NS hat de oergong fan papieren kaartsje op de OV-kaart gjin grutte problemen opsmiten.
De kaartautomaten binne tiisdeitemoarn even nei fjouweren útset. Guon minsken besochten lanlik it alderlêste kaartsje te krijen. It Spoorwegmuseum yn Utrecht jout dêr 250 euro foar. As der meardere kaartsjes mei deselde tiid binne, dan moat derom lotte wurde wa't de winner is.