Fotografe siket Friezen

Foar in bysûnder fotografyprojekt is fotografe Ilvy Njiokiktjien op syk nei Friezen dy't in harren jierdei fiere mei in feestje. Njiokiktjien is ferline jier beneamd ta earste Fotograaf des Vaderlands. Har opdracht is om Nederlân yn byld te bringen oan de hân fan it tema famylje.
Njiokiktjien wol hûndert jierdeis fêstlizze op foto. Ut it hiele lân binne oanmeldings kommen en se hat al tachtich jierdeis hân. Mar Fryslân bliuwt wat achter, en dêrom siket se Friezen dy't ek meidwaan wolle.
De oanmelders moatte harren jierdeisfeest hawwe foar 1 oktober. It boek 'Slagroom, taart en slingers' mei de foto's komt op 1 novimber út. Opjaan kin by www.slagroomtaartenslingers.nl.