Brassband Menaam dakleas

09 jul 2014 - 08:33

Brassband Halleluja út Menaam is dakleas. Kultureel sintrum De Weme út it doarp hat per 1 july de doarren sletten en dat is earder as de bedoeling wie. De Weme soe pas op 1 jannewaris takom jier ticht, mar krige de eksploitaasje no al net mear slutend. Benammen de stookkosten waarden te heech. Dat jild hat De Weme net.

De brassband is no mei gauwens op syk nei nij plak. De muzykklup hopet dat se yn Menaam sels in repetysjeromte fine kin. Njonken de brassband hienen de frouljusferiening en de toanielklup ek plak yn De Weme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)