Blog: Braziliaansk fertriet, Fryske bliidskip

09 jul 2014 - 08:02

Braziliaansk fertriet, Fryske bliidskip

Brazilië-Dútslân: 1-7. Gûlende Brazilianen, mei de hannen foar de eagen. Se kinne net leauwe wat se krekt sjoen hawwe en earlik sein, ik ek net. Binnen in healoere ha de Dútsers fiif kear skoard yn de heale finale fan it WK. Yn de twadde helte komme der noch twa goals by en ien foar de Brazilianen. Histoarysk, mar net de histoarje dêr’t de Brazilianen op hope hiene. Se binne ôfslachte foar eigen publyk, wylst se al tolve jier net mear ferlern hiene yn eigen hûs.

It komt oan as in mokerslach. It lân is yn rou. In ferskate stêden stekke minsken de Braziliaanske flage en oare saken yn brân en binne poerrazend lulk. Wy merke der sels gelokkich neat fan, ek omdat it yn Rio striemin waar is. De rein komt mei bakken nei ûnderen, symboalysk foar alle triennen fan de Brazilianen. Nei de oerwinning op Kolombia klonk de samba noch oant djip yn de nacht, no is it stil op strjitte in pear oeren nei de grutste klap út de Braziliaanske fuotbalskiednis.

Dat komt my eins wol goed út, want de wekker giet ier en betiid. Ik bin net fan it betiid fan bêd kommen en al hielendal net op myn jierdei. Mar dizze kear makket it my neat út. Ik sil nammentlik tegearre mei in kollega nei Sao Paulo foar de heale finale tusken Nederlân en Argentinië! In machtich moai jierdeiskado en as je it oer in jongesdream hawwe…

Der wiene inkele kaarten beskikber, mar dan moasten we wol sels it ferfier regelje. Sa’n unike kâns koene we net sjitte litte. Fleane wie gjin opsje (gjin plak mear of ekstreem djoer) en dus sille we mei de bus op en del. Seis oeren hinne, wedstriid sjen en seis oeren werom. Machtich, en no mar hoopje dat dit ek in histoaryske wedstriid wurdt! Mei in goed ein foar Nederlân fansels en dan tsjin Dútslân yn de finale.

Dan kin Oranje yn ien kear ôfrekkenje mei de trauma’s út it ferline. De finales fan 1974, 1978 en 2010 giene ferlern tsjin Dútslân, Argentinië en Spanje. Dit toernoai soene we se dan alle trije wer tsjinkomme. Spanje is al ferslein. No de Argentinen en dêrnei… Nee, mar net te fier foarútsjen. Want Argentinië hat Messi, foar my de bêste fuotballer fan de wrâld, dy’t ik hjoed ris yn it echt oan it wurk sjen mei. Mar Nederlân hat Louis van Gaal, dy hat dêr grif in antwurd op!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)