Opsterlân sloopt 9 dug-outs

09 jul 2014 - 07:33

De gemeente Opsterlân lit njoggen dug-outs slope. Oanlieding is in ûndersyk nei de feiligens fan de oerkapings. De gemeente hie dêr opdracht ta jûn nei't yn Twizel in dug-out ynstoart wie. Dêrby kaam in tsienjierrich famke om it libben.

Opsterlân wol de ôfkarde dug-outs binnen twa wiken fuorthelje litten. De sportferienings krije kompensaasje. Fierders lit de gemeente de ljochtmêsten om de sportfjilden hinne ynspektearje.

Trefwurden: 
Opsterlân sloop dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)