Zeinstra grutsk op WK-debút

08 jul 2014 - 20:31

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp is grutsk op de wize wêrop't hy en syn kollega's Björn Kuipers en Sander van Roekel prestearre hawwe op it WK fuotbal yn Brazilië. Tiisdei binne de manlju weromkaam yn Nederlân.

Se moasten nei hûs omdat it Nederlânsk alvetal by de lêste fjouwer op it toernoai sit. Hie dat net sa west dan hie de kâns frij grut west dat se de finale fluitsje mochten. Zeinstra hopet dan ek dat Nederlân no de titel pakt.

As Nederlân de finale spilet, dan fleane Zeinstra en syn frou tongersdei werom nei Brazilië om Oranje oan te moedigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)