Diploma foar wynturbinemonteur

Acht wynturbinemonteurs fan it bedriuw Hoekstra Suwâld hawwe in diploma helle wêrmei't se wurkje meie mei heechspanningsynstallaasjes. It giet om ynstallaasjes dêr't in spanning fan 10.000 folt of mear op stiet. De diploma's binne behelle by it bedriuw Veritech út Noardburgum, dy't troch it hiele lân hinne opleidings oanbiedt.
It is foar it earst dat in bedriuw út Fryslân diploma's helle hat. It bedriuw Hoekstra Suwâld hopet op dizze wize ekstra wurk binnen helje te kinnen.