Utslaande brân yn loads Kollum

08 jul 2014 - 15:07

Op in yndustryterrein oan de Sjoerdawei yn Kollum hat tiisdei in útslaande brân yn in bedriuwsloads west. It giet om it bedriuw D-tec-T dat CV-ynstallaasjes ferkeapet dy't op hout stookt wurde.

De brânwacht sette heech yn. Neist de korpsen út Kollum en Bûtenpost waarden ek korpsen út de regio Grinslân oproppen om it fjoer te bestriden. Der rekke gjinien ferwûne by de brân.

Op in stuit stie der inkeld noch mar in gaslieding yn de brân, lykas by ôffakkeling ek wol sjoen wurdt. Enerzjybedriuw Joulz hat mei in graafmasine de lieding opsocht. Dêrfoar waard de sydkant fan it gebou iepenbrutsen. Doe't de lieding fûn wie en tichtdraaid, gie it fjoer út.

Trefwurden: 
brân Kollum D-tec-T
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)