Beammen kappe as besuniging

08 jul 2014 - 15:00

De gemeente De Fryske Marren sil takom jier 5000 oant 10.000 beammen fuorthelje. Dêrmei wol de gemeente 3,5 ton besunigje op ûnderhâld iepenbier grien. Neffens de gemeente stean de beammen te ticht opinoar. Dat kostet in soad oan snoeien. Boppedat groeie se better as se de romte hawwe. Fierders wurde yn in soad plantsoenen blomperken ynsiedde mei gers.

De gemeente beheart 50.000 beammen. De earste tsjinstanners tsjin de beamkap hawwe al protest oankundige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)