Buske mei stellen nûmerboerd

08 jul 2014 - 12:30

De plysje hat moandeitenacht in 32-jierrige man út Ljouwert oanhâlden om't er yn in bestelbuske mei stellen kentekenplaten ried. It buske waard yn Meppel steande hâlden by in rûtinekontrôle. Bliken die dat de nûmerbuorden fan in stellen auto yn Akkrum wiene.

De plysje fûn yn it buske ek in soad guod dat brûkt wurdt by ynbraken. De Ljouwerter is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
stellerij kentekenplaat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)