'Ekstra húshelpjild is te min'

08 jul 2014 - 12:22

De 75 miljoen euro dy't steatsekretaris Van Rijn beskikber stelle wol foar húshâldlike help is net genôch. Dat seit de 90-jierrige Jan Kramer. Hy is ôfhinklik fan húshâldlike help. Foar in soad helpen, mooglik hûnderten yn Fryslân, driget ûntslach. Dat komt troch besunigings by de oerheid.

It kabinet wol no jild útlûke foar in ekstra taslach foar minsken dy't de help net sels betelje kinne. Mar dat sil op syn heechst tsien euro yn de oere wêze.

Dat lege bedrach is in foai, seit Jan Kramer. In soad minsken sille fersmoargje, omdat se gjin bern of freonen hawwe dy't help jaan kinne.

Thússoarch Het Friese Land tinkt ek dat de 75 miljoen euro de problemen net oplosse kin. Neffens direkteur Klaas Kuilman giet it om sintewurk, omrekkene oer de minsken dy't der ferlet fan hawwe. In bedrach fan 75 miljoen euro is te lyts om miljarden oan besparring opheine te kinnen. De ferwachting fan saakkundigen fan Buurtzorg en Het Friese Land is, dat in soad minsken dy it sels net mear kinne, harren hûs net mear skjinmeitsje litte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)