Each yn each mei ynbrekker

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Hurdegaryp is de bewenner fan in hûs oan de Kobbeflecht moandeitejûn in ynbrekker oer it mad kaam. De bewenner wie eefkes boppe en hearde ûnder leven. Dêr kaam de bewenner each yn each te stean mei de ynbrekker. Dy wie deryn kaam troch de achterdoar dy't net op slot wie.
De ynbrekker draafde it hûs út en stapte gau yn in auto. De bewenner smiet mei in stien in autorút yn, skreau it kenteken op en belle de plysje. Dy hat de 43-jierrige ynbrekker yn Ljouwert oanhâlden.