Drachten: 27 nije hierwenten

08 jul 2014 - 10:28

Wenningkorporaasje Accolade en Bouwgroep Dijkstra Draisma hawwe moandei in kontrakt ûndertekene foar de bou fan 27 nije hierwenten oan de Leeuwerikstrjitte yn Drachten. Yn de wyk Noardeast sloopt Accolade achttjin ferâldere wenten. Dêrfoar yn 't plak komme 27 nije huzen foar ien- en twapersoanshúshâldens. De wenten moatte begjin 2016 oplevere wurde.

Trefwurden: 
Drachten hierwente hierhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)