KNVB-kamp Bakkefean stiet faai

08 jul 2014 - 10:08

Nei 29 jier liket der in ein te kommen oan it jierlikse KNVB-fuotbalkamp yn Bakkefean. De KNVB hat bekend makke der nei dit jier mei ophâlde te wollen. Hieltyd mear betelle fuotbalklups en amateurklups hâlde simmerdeis in eigen fuotbalkamp.

VV Bakkefean besjocht no oft se it kamp takom jier sûnder meiwurking fan de KNVB organisearje kinne. Oan it kamp dogge dit jier 122 fuotbaltalinten fan 7 oant 13 jier mei.

It simmerfuotbalkamp waard 15 jier lang yn Sondel holden en ferhuze dêrnei nei Bakkefean, dêr't it foar de 14e kear hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)