Konsortium tsjin falliseminten

07 jul 2014 - 19:46

In nij lanlik konsortium moat grutte falliseminten by bernedeiferbliuwen yn de takomst foarkomme. De Ljouwerter opfangorganisaasje Sinne is dêr mei in tal oare organisaasjes mei dwaande. Oanlieding is it omfallen fan de Estro Groep, de grutste opfangorganisaasje fan Nederlân. Dy waard dit wykein fallyt ferkleare. Tûzenen bern rekken dêrtroch harren opfanglokaasje kwyt. Boppedat rekke in grut tal meiwurkers harren baan kwyt. Neffens Sinne mei soks yn de takomst net wer barre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)