Stenden krijt master toerisme

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt in pree-master en masteroplieding toerisme. Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversiteit Grins sille de stúdzjes ûntwikkelje ûnder de flagge fan University Campus Fryslân.
Mei dizze opliedings derby is it hiele stúdzjetrajekt foar toerisme klear. Ljouwert sil foar de studinten it stânplak wêze. De provinsje draacht oant 2017 ta 326.300 euro by om de stúdzjes mooglik te meitsjen. Dêrnei gean de opliedings foar eigen rekken fierder.