Arriva wol op NS-trajekt ride

Ferfierder Arriva wol mear treinen ride litte tusken Ljouwert en Grins. Boppedat wol Arriva stoptreinen ynsette op it NS-trajekt tusken Ljouwert en Swolle. Dat hat it ferfiersbedriuw moandei bekend makke op in wurkbesite fan steatssekretaris Wilma Mansveld.
Arriva-direkteur Anne Hettinga wol graach dat dêr wetjouwing foar realisearre wurdt. Hy wol dat ek oare bedriuwen as de NS treinreizen, lykas tusken Ljouwert en Swolle, fersoargje meie.
It iepenbier ferfier yn ús provinsje oer it spoar wurdt útfierd troch twa partijen: Arriva en de NS. Arriva wol groeie yn ús provinsje. De treinen tusken Ljouwert en Grins sitte faak te fol.
En ek de ferbining tusken Swolle en Ljouwert soe better kinne neffens de iepenbier ferfierder. Dêrom wie steatssekretaris fan infrastruktuer Wilma Mansveld moandeitemoarn útnoege troch Arriva.