Blog: Tall Ships Races: op nei Noarwegen!

Nynke Haarsma (20) en Welmoed Mintjes (19) sile as trainee mei op it tallship Vega Gamleby út Sweden. De kommende dagen dogge se mei oan de Tall Ships Races, dy't begûn yn Harns. Foar Omrop Fryslân dogge se ferslach fan harren aventoer.
Op nei Noarwegen!
Nei fjouwer geweldige dagen yn Harns, binne de tallships juster fuortfearn nei Frederikstêd yn Noarwegen. In bytsje eangstich mar foaral hiel nijsgjirrich begjinne wy dizze blog oer ús reis nei Noarwegen oer de wylde see. Twa studinten sûnder ûnderfining op see en wend oan it lúkse libben oan ‘e wâl. Oan board is gjin WiFi, sels gjin mobyl berik. Dêrneist moatte wy ite wat de pot skaft en wurdt hjir moarnsiten op Sweedske wize. Hurd wurkje en mar sa no en dan dûse. Koartsein, in hiele grutte útdaging foar de boech. Fia dizze blog hâlde wy jimme op ‘e hichte fan ús ûnderfiningen (salang’t wy net siik oer de reling hingje natuerlik).
Groeten Nynke Haarsma (20) en Welmoed Mintjes (19)