Fryske lunchrooms skoare goed

07 jul 2014 - 12:49

Fryske lunchrooms skoare goed. De NVWA lansearre in app dêr't op te sjen is hokker hoarekasaken har oan de regels hâlde. De Koffiepot skoart neffens de NVWA de kleur oranje, mar dit blykt in fersin.

Nei de besite fan de ynspekteurs krige De Koffiepot in brief dêr't de NVWA yn oanjout dat se oan alle easken foldogge. Neffens de eigner hat de NVWA tasein dat de fout sa gau as mooglik ferholpen wurdt. De lunchrooms dy't yn Fryslân kontrolearre binne, krigen allegear de kleur grien.

Fan shoarmasaken, Sineeske restaurants en kafetaria's wurde de gegevens letter iepenbier makke.

Al mei al binne fan 1600 kontrolearre Nederlânske lunchrooms de resultaten te sjen op de hoareka ynspeksjekaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)