Fúzje laboratoaria te djoer

De fúzje tusken de laboratoaria fan wetterbedriuw Vitens en Wetterskip Fryslân giet net troch. Neffens it Wetterskip soe de fúzje úteinlik mear jild kostje as dat it opsmyt.
Sa soe it Wetterskip nei de fúzje goed 300-tûzen euro kwyt wêze oan btw. Doel fan it gearfoegjen fan de beide laboratoaria wie it besparjen fan jild. No't dat net slagget giet der in dikke streep troch.