Maatregels tsjin oanfarrings

Der barre fiersten tefolle ûngelokken yn it Prinses Margrietkanaal en derom moat de skipfeart rekken hâlde mei nije regels en ferskerpe tafersjoch. Fierder wurde de regels fan it Margrietkanaal en it Van Starkenborgkanaal en Eemskanaal yn Grinslân op mekoar ôfstimd.
Sa mei der fan tiisdei ôf minder hurd fearn wurde. De nije limyt fan 6 kilometer yn de oere jildt by de brêgen fan Koatstertille, Skûlenboarch, Burgum, Aldskou, Twellingea en Spannenburch.
Ek meie grutte skippen dan allinnich noch mar ûnder it bredere, fêste part fan de brêge trochfarre en meie skippen mekoar net mear passearje ûnder brêgen. Rykswettersteat nimt dizze maatregels om't it ôfrûne jier ferskate brêgen bot skansearre rekken nei oanfarrings.