Erwin Zeinstra klear op WK

07 jul 2014 - 06:40

Foar assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp sit it WK fuotbal yn Brazilië derop. Omdat Oranje him pleatst hat foar de heale finales, mei it Nederlânske skiedsrjochtersteam, ûnder lieding fan Björn Kuipers, gjin wedstriid mear liede.

Yn totaal kaam Zeinstra trije kear yn aksje op it WK. Hy wie assistint tidens de wedstriden Ingelân-Italië, Switserlân-Frankryk en Kolombia-Oerûguay.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)