Fikingfestival by Spokeplas

06 jul 2014 - 14:45

Yn Noardwâlde wie de ôfrûne trije dagen de twadde edysje fan it Fiking-festival. By de Spokeplas wiene tal fan kampeminten opslein dy't in tiidsbyld joegen fan de Fikingtiid yn de midsieuwen. It tema wie: 'Middeleeuws leven, een reis door de tijd'. Der wiene wol wat minder taskôgers as ferline jier.

Dat hie neffens de organisaasje alles te krijen mei it wikselfallige waar en de konkurrinsje fan it WK-fuotbal. Takom jier folget sawiesa in tredde edysje fan it Fiking-festival.

Trefwurden: 
Fikingfestival Spokeplas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)