Omstanners rêde man út auto

De auto bedarre op de kop yn de sleat © Wessel Bosgraaf
By Koufurderrige bedarre sneontenacht in auto mei fiif minsken op 'e kop yn 'e sleat. De bestjoerder (25) fan Nijemardum ried op de dyk tusken Wâldsein en Snits, doe't in bewenner (19) by in pleats wei de dyk opride woe. Dy seach de auto mei fiif man lykwols oer de holle. Troch in botsing bedarre de auto fan de fiif yn de sleat.
Fjouwer fan de fiif koene sels út de auto komme, mar de bestjoerder siet klem. Twa minsken dy't de klap hearden sprongen it wetter yn en hawwe de bestjoerder út de auto krigen.
De bewenner fan de pleats hat de fiif wiete reizgers oanslutend in dûs oanbean. Ek hawwe alle fiif droege klean meikrigen. Net ien rekke ferwûne.