Alderearste keapsnein Dokkum

06 jul 2014 - 10:10

Yn Dokkum is it foar it earst keapsnein. Sa'n 60 winkels binne fan ien oant fiif oere middeis iepen. Koartlyn besleat de gemeenteried dat de winkels yn Dokkum tolve sneinen yn 't jier iepen meie, útsein de feestdagen. It giet om in proef op fersyk fan de ûndernimmersferiening. Betingst is wol dat net elke winkel iepen hoecht. De winkellju meie sels beslute oft se de winkel iepen dogge of net.

De keapsneinen binne foarearst op sneinen mei aktiviteiten yn 'e stêd, lykas Dokkum Cultureel, de Admiraliteitsdagen en Sinteklaas.

Op de earste keapsnein wie it gesellich drok yn it sintrum fan Dokkum. Der wiene ek in soad winkels dy't de doarren ticht hâlden. Krekt wat mear as de helte fan de winkels wie iepen.

Trefwurden: 
Dokkum keapsnein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)