Blog: Kosta Rika, it lân fan ‘Pura Vida’

05 jul 2014 - 20:15

Kosta Rika, it lân fan ‘Pura Vida’

De earste heale finale op it WK is bekend. Grutmachten Brazilië en Dútslân sille stride om in plak yn de finale. De oerwinning fan de Brazilianen soarge opnij foar in grut feest yn Rio de Janeiro. Fuort nei it lêste fluitsinjaal fan de skiedsrjochter fleach it fjoerwurk ús wer om de earen. We hawwe justerjûn nei it wurk op in terras sitten te genietsjen fan de bliidskip. De samba klonk oant djip yn de nacht, dat is wat fuotbal losmakket by de minsken. Is der ien oare sport dy’t miljoenen minsken oer de hiele wrâld sa bynt as fuotbal? Ik leau it net.

Hjoed wurdt dúdlik wa’t der yn de oare heale finale komme. Nederlân spilet tsjin Kosta Rika, België nimt it op tsjin Argentinië. Dêr’t ik yn de foargeande wedstriden fan Oranje myn betinkingen hie, ha ik dat no net. Kosta Rika, dat mei gewoan net ferkeard gean. Miskien is dat wol it meast gefaarlike. Want dat lytse lân, mei noch gjin fiif miljoen ynwenners, wie wol ferantwurdlik foar de útskeakeling fan Italië en Ingelân!

Ik moat tajaan dat ik wol wat ha mei Kosta Rika. Seis jier lyn ha ik dêr op fakânsje west. Yn oktober, it reinseizoen. En dan reint it dêr ek net in bytsje! We ha ferskate tropyske reinbuien oer ús hinne hân, mar de natuer dêr is dan wol op syn moaist. Alles stiet yn bloei, it oerwâld libbet mei in grut ferskaat oan fûgels en oare bisten. En it motto fan it lân: ‘Pura Vida’, puer libben letterlik fertaald. Se brûke de útdrukking oeral foar. Hoe giet it? Pura Vida! Wat ha we moai waar net? Pura Vida! Wat ha we lekker iten, Pura Vida!

It meast bysûndere dat ik dêr sjoen ha is een wurkjende fulkaan, de Arenal. Yn de nacht wie de reade gloed fan streamende lava sichtber en hearden we it bulderjen fan de eksploazjes, hiel yndrukwekkend. Foar hjoed hoopje ik op in útbarsting fan de Oranje-fulkaan. It soe moai wêze as Nederlân him mei in protte oertsjûging pleatse kin foar de heale finales. Yn de seleksje fan Louis van Gaal is dat yn elts gefal oanwêzich. “Wy kinne wrâldkampioen wurde”, sei Van Gaal en de spilers leauwe der heilich yn. Mar earst Kosta Rika ferslaan. Pura Vida!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)