Coen Rijpma wint Noordenveld

Hurdfytsen © awfoto.nl
Hurdfytser Coen Rijpma fan Aldeholtpea hat sneon de meardaachse fan it Noordenveld-Westerkwartier op syn namme skreaun. Yn de finalerit yn De Wylp kaam Rijpma as twadde oer de einstreek, efter Pim Cazemier út Den Horn. It twadde plak wie lykwols goed genôch foar de einoerwinning yn it klassemint. Johan Knol fan Midwolde pakte it sulver, Rick Ottema út Muntendam it brûns.
Yn de slotetappe kaam Harry Sweering fan Snits as tredde oer de streek en einige as sechsde yn it einklassemint. Stef Krul fan Tsjalbert waard fyfde yn it einklassemint.
Yn de top tsien steane mear Friezen. Op it sânde plak einige Ruben Hoekstra fan Tsjerkgaast, folge troch Kevin Snijder fan Kollum op it achtste plak. Jan Bos fan Bontebok waard tsiende. Teake-Piet van der Werf foel krekt bûten de top 10 op it alfde plak.