Folop rekôrs by ljeptwakamp

Bûnscoach Pieter Haanstra spekt de Fryske ljeppers ta. © Omrop Fryslân, Koos Wieling
Folop fjoerwurk sneon by de twakamp fierljeppen yn Linschoten. By de manlju skreau Bart Helmholt fan Burgum mei in sprong fan 21.55 meter in nij Nederlânsk rekôr op syn namme. Hy ferbettere syn âlde rekôr fan 21.51 meter. By de froulju ljepte Dymphie van Rooijen in nij rekôr fan 16.91 meter en skerpe dêrmei har eigen rekôr fan 16.74 meter oan. Klaske Nauta fan Drylts waard mei 15.44 twadde.
Jan Teade Nauta wûn by de jonges mei in nij seizoensrekôr fan 18.18 meter. By de junioaren gong de winst nei Erwin Timmerarends mei 18.67 meter.
De Fryske ljeppers moasten lykwols belies jaan oan de Hollânske ljeppers. De Friezen kamen goed seis meter te koart yn de twakamp. De wedstriid waard ferskate kearen stillein fanwege de rein.