Hempenius wint yn Wytmarsum

© Henk Bootsma
Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Judy Bergsma hawwe sneon de haadklasse keatspartij frije formaasje yn Wytmarsum wûn. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.
De lytse preemje gong nei Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga, dy't yn de striid om it tredde plak mei 5-1 en 6-4 wûnen fan Marije van der Meer, Klasine Huistra en Anke-Marije Pompstra.