Nij Nederlânsk rekôr Helmholt

05 jul 2014 - 16:20

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat sneon by de twakamp yn Linschoten in nij Nederlânsk rekôr op syn namme skreaun. Mei in sprong fan 21.55 meter ferbettere er syn âlde nasjonale rekôr fan 21.51 meter. Dat sprong er trije jier lyn.

It nije Nederlânske rekôr sprong Helmholt al by syn twadde sprong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)