Unsekerheid oer Estrolokaasjes

05 jul 2014 - 16:00

Foar seis fan de Fryske lokaasjes fan de Estrogroep moat noch in oplossing socht wurde. Dat lit de kurator fan de fallite berne-opfangorganisaasje witte. It giet om trije Catalpa-lokaasjes yn Ljouwert, twa yn Drachten en ien yn Snits. De oare Fryske lokaasjes wurde oernaam troch Smallsteps BV. De seis opfanglokaasjes dêr't noch gjin dúdlikens oer is, bliuwe yn elts gefal iepen oant ein july.

Kurator Jongepier hopet ek dêr in oplossing foar te finen. De Estro Group hat dizze wike alle âlders op de hichte brocht oer it fallisemint.

De rjochter hat it fallisemint sneontemoarn definityf útsprutsen. De seis Estrolokaasjes dy't ein july tichtgeane binne Bernestate, Sinnebern en Bernelân yn Ljouwert, om Bunderbos en Meneer Nilsson yn Drachten en yn Snits om de Bernepoort. Neffens de kurator fan de Estro Group sitte der te min bern op dizze seis sintra of binne de gebouwen te djoer yn ûnderhâld. De kurator is yn petear mei oare koepelorganisaasjes. Mooglik dat dy de berneopfangsintra oernimme wolle. Slagget dat net, dan wurde de de bern fan dizze sintra ûnderbrocht by oare lokaasjes yn harren wenplak. It persoaniel fan de seis sintra stiet dan op strjitte. Mooglik dat se by in oername wol oan it wurk bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)