Fryske Kostarikaan wint altyd

In dilemma of krekt net? Folkert Hoekstra út Gaast wennet al 21 jier yn Kosta Rika. En nea earder spile dit lân tsjin Nederlân op in WK fuotbal. Sneontejûn wol, en Hoekstra sjocht dat mei syn Kosta-Rikaanske húshâlding yn Gaast, want sy binne op it stuit yn Nederlân.
Hoekstra syn foarkar leit by Oranje, mar syn frou en bern binne mear foar Kosta-Rika. Spul sille se net krije as Oranje wint. De Kosta Rikanen hawwe foar harren gefoel al wûn troch sa fier te kommen op it WK fuotbal, want dat is foar it earst.
It wrâldkampioenskip fuotbal libbet tige yn Kosta Rika. Alles stiet stil as Kosta Rika fuotballet, en der wurdt ek bot feestfierd nei eltse wedstriid dy't wûn wurdt.