Hoe komt it mei it Boschplein?

05 jul 2014 - 10:34

Projektûntwikkelder AM moat binnen 6 moanne dúdlikheid jaan oer de twadde fase fan miljoeneprojekt Boschplein yn Snits. Yn de twadde fase steane 36 lúkse apparteminten en in tal winkels pland. It terrein boppe op de nije parkeargaraazje leit lykwols al jierren braak. It slagge de projektûntwikkelder net om keapers foar de apparteminten te finen. Ek foar de kommersjele romte wie net genôch belangstelling.

In merkûndersyk moat útwize wêr't ferlet fan is. As it AM net slagget om gau mei nije plannen te kommen, krije oare partijen wer in kâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)