Kruser útbaarnd yn Grou

05 jul 2014 - 08:20

By in brân oan de J.W. de Visserwei yn Grou is yn de nacht fan freed op sneon in stielen motorkruser folslein útbaarnd. In neistlizzende boat rûn flinke skea op. De melding fan de brân waard om in oere as fjouwer dien. De brânwachtkorpsen fan Grou en Akkrum waarden oproppen om it fjoer te blussen. Se diene dat mei twa auto's en in blusboat.

Wat de oarsaak fan de brân wie is noch net bekend. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. By de brân rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
Grou brân kruser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)