Ekstra treinen foar Tall Ships

Arriva lit sneon- en sneintejûn faker treinen ride tusken Harns-Haven en Ljouwert. Gewoan giet der jûns ien trein yn de oere, fanwege it grutte tal besikers oan de Tall Ships Races wurde dat der twa. Earder makke Arriva al bekend ekstra lange treinen yn te setten. Ek ride der ekstra bussen, fanút Snits en Boalsert en fanút Alkmaar.
De Tall Ships Races yn Harns belibje sneon har tredde dei. De ferwachting is dat dan de measte besikers komme.