Cambuur wint fan DTD

04 jul 2014 - 21:39

SC Cambuur hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin DTD út Jelsum mei 15-0 wûn. De Ljouwerters skoarden de earste helte fiif kear, yn de twadde helte kamen dêr noch tsien by. Michiel Hemmen makke yn de lêste fiif minuten noch in hattrick.

DTD hat dit jier in jubileum, de klup bestiet 75 jier. It wie al it 22ste jier op rige dat Cambuur it oefentrajekt ôftrape tsjin DTD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)